Ga naar inhoud

Wurdestream: foardrachten yn it Tripgemaal

Gersloot

Op sneintemiddei 16 augustus drage studinten en dosinten fan de Skriuwersfakskoalle eigen wurk foar yn it histoaryske Tripgemaal yn Gersleat. De foardrachten binne skreaun by it jubileumtema fan it Tripgemaal: 'Pompe of Fersûpe'. De literêre middei is foar elkenien tagonklik.

Neem alvast een kijkje

By de Skriuwersfakskoalle krije Fryske skriuwers alle romte om har te ûntwikkeljen en om te ekperimentearjen mei proaza, poëzy, toaniel en essees. It 150-jierrige bestean fan it Tripgemaal is in moaie oanlieding om wurk hearre te litten fan dizze nije en mear ûnderleine skriuwers.

Dizze middei fynt plak krekt foar it nije stúdzjejier fan de Skriuwersfakskoalle. Dêrom is der nei de foardrachten in gesellige buorrel foar sawol skriuwers as besikers.